De WilleWike is yn 2000 begûn as de Skriuwwike, in inisjatyf fan âlden dy’t fûnen dat yn it ûnderwiis net genôch omtinken wie foar de Fryske taal en kultuer. Fan dat jier ôf hat der op 2006 nei elts jier in wike west. Yn 2006 wiene der wat misferstannen wêrtroch’t de subsydzje net oanfrege wie. Yn 2007 is dochs wer besocht om de skriuwwike nij libben yn te blazen. Dat slagge, in protte wurk wie it wol.
Yn 2008 is de namme wizige yn WilleWike, is der in stifting oprjochte dy’t derfoar soargje moast dat it dúdlik wie wa’t de WilleWike organisearje soe, en is der besletten om ek in wike te hâlden foar it fuortset ûnderwiis. Fan dat momint ôf hawwe wy praktysk elts jier mei in 30 bern nei Skylge ta west.