Net in stifting sûnder bestjoer. De WilleWike wurdt sûnt in tal jierren organisearre troch de Stifting Tsjille en Wille (KvK: 01139820). Dizze stifting soarget elts jier foar de oanfraach fan de subsydzje by de provinsje, it tafersjoch op de webside, de finânsjes, de organisaasje, de lieding en de oanmeldings.
It bestjoer is op dit stuit sa:
Sanne de Jong – foarsitter
Rene Wielinga – ponghâlder
Pieter Duijff – sekretaris
Imelda Torensma – lid
Eareleden
Dit binne âld-leden dy’t de ôfrûne jierren in soad betsjutte hawwe foar de stifting. Se binne troch it bestjoer beneamd ta earelid en se fertsjinje it dêrom om mei eare neamd te wurden op ús webside:
Fokke Jagersma
Cees Visser